Mei de houk tusken de bieten

Elke fakânsje wie ik by ús pake op de buorkerij 
Dat fûn ik machtig moai, dêr fjilde ik my frij 
Mei pake oan it wurk efter op it lân 
Fan biet’n en rjappels kriig ik een soad ferstân
 
Beppe wie dan thûs en die dêr dan de kij 
En as dat dan wer klear wie, dan skoffelde se ek mei 
Mei syn allen gongen  wy dan troch it fjild 
Een moaie herrinering net út te drukken yn jild

Refr:
Mei de hau tûsken de bieten en op knibbels troch de mais 
Sa wie ik my ús pake, dagen ûnderweis 
Súvery op rjappel  lân, dat fûnen wy net gek mar hiel gewoan

As it lân dan leech wie, de bieten wiene rooit 
De mais wie al hakselt,  de rjappels oan de bulte gooit 
Dan moest it lân wer winterklear, de fiat kwam út it hok 
Rjappel bult moest ûnder kleed we hiene it bêst wol drok

Oan de keuken tafel siet’n soms wol 12 man 
Elkenien koe mei ite, we hiene een soad te dwaan
Nei iten gauw wer oan de gong, earst efkes lâns de kij 
Dat fûn ik minder moai, mar it hearde der ek by

Refr.

Se hiene ek een knecht, dêr groeide ik my op 
Doe’t hy der net mear wie, stie de wereld op syn kop 
Ik gong dêr faker hinne, it wurk dat moest klear 
Allinich koene pake en beppe dat net mear

Sa bin we jieren troch gong, dat gie opsich wol bêst
De kij wiene al fourt, it lânwurk die ik dêr nêst
Mar op it lêst doe gong dat ek net mear 
Al it lân gong fourt en dat die bêst wol zeer.

Tekst: Marcel Meppelink