Êfter de kij

Efter de kij yn it bûthús
Op it bankje wat d’r stie
Dêr fielde ik my thús
Woe dak d’r noch wie
D’r wie net een soad ljocht
Dat hie d’r noait wêst
Bakje kofje waard brocht
We hiene it hiel bêst

De tiden fan earder, yn it ferliene.
Ik wit it noch goed.
Dat we d’r stiene
Efter de kij.

Sneons nei it melken
We hiene it iten al op
Sturt waskje mjuksje
Dan de heazolder op
Hea nei it lûk ta
Dan koene we de wike wêr troch
Een pear pakjes extra
We hiene genoch

De geur en it lûd, fan it âlde bûthús
Ik wit it noch goed, hoe it wie by ús thús
Efter de kij

Efterhús ek de kuilbult
Rúskinne fol dong
Hinnehok en de wein loads                                
De sleat wer’t ik oer sprong
Kealerij op’é batte
Kealtsjes yn it lytshús    
By bourman appels jatte
Sa wie it thús

De tiden dan earder, yn it ferliene
Ik wit it noch goed 
Dat we d’r stiene
Efter de kij
Efter de kij
By us efter de kij

Tekst door Marcel Meppelink