Wat is no een lân sûnder boeren Wat is no een greide sûnder kij Wat is no een stal sûnder bisten Wat is no een leeche buorkerij Sjoch no ris goed om dy hinne Sjoch no ris djip yn dyn hert Sjochst dan de kij noch wol rinne Sjochst dat aanst allinich mar op een portret De tiden binne oan it feroarje De tiden die bliuwe noait geliek De tiden matte mei my de regels De tiden en de regels rinne no aardig briek Refr. Wa kin no de takomst foarspelle Wa wit no wat der aanst gebeurt Der binne een soad die wolle it ús fertelle Se hawwe ús al jieren oan de kop seurt Ik ha oer alles myn eigen gedachte Ik ha myn eigen byld fan de wrâld Ik ha der niks aparts fan ferwachte Ik ha noait tocht wurdt it waarm as wurdt it kâld Myn libben giet sa as ik sels wol Myn libben bin ik sels baas oer Myn libben giet my trinnen en lol Myn libben is fan my, dus gjin geouwehoer Minsken kinne elkoar faak net ferneare Minsken kinne faak net troch ien doar Minsken matte de oare wang ta keare Minsken matte beseffe, we hawwe allinich mar elkoar
Tekst: Marcel Meppelink