Boppe Dokkum

It is echt machtig moai boppe Dokkum
Wêr ik berne bin en wenne ha
Yn Anjum wenne wy achter de âlddyk
As jonkje mei op’e trekker fan Ganzinga.

Foar skoalle giene wy nei Metslawier
Yn it buske fan Piet Hovinga
Simmers op’e fiets dat wie bêst fier
Mar mei in moai ploegje wiest d’r sa

Refr. 
Boppe Dokkum en efter de seedyk
Morra, Ljussens, Wetsens alles is uniek
Nes, Nijtsjerk, Niawier nim se sa mar op
Ik wol net yn ferjitte, boppe Dokkum is it top

By fan de Zee yn de rjappels 
Kistjes folje by har op it lân
As efter de sorteerbân yn’e skuorre
Elsenien dy mei dat wie gewoan

Op snein giene wy nei de seedyk
Kwelder, slik it wie een glêde boel
De blabs yn it hier, it gie altyd briek
No ha’k wer sa’n, typisk Anjumer gefoel

Tekst: Marcel Meppelink